Ferkeap op lanlike 'burendag'

21 sep 2013 - 15:14
Ferkeap op lanlike buorljudei

Yn it ramt fan Nationale Burendag is sneon op de Spanjaardsleane yn Ljouwert in grutte "garden sale" hâlden. De buertbewenners hienen guod ynbrocht dat ferkocht wurde koe. Ek wienen der oare aksjes dy't jild opbrochten. De opbringst giet nei Serious Request, de 3FM-aksje dy't yn desimber yn Ljouwert hâlden wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)