Histoaryske kaarten op webside

21 sep 2013 - 12:53

Sa'n 300 histoaryske kaarten fan Fryslân binne sûnt dizze wike op in wol hiel bysûndere wize te besjen op ynternet. De webside www.frieslandopdekaart.nl lit de âlde kaarten fan Tresoar sjen dy't pleatst binne op de hjoeddeiske kaarten fan Fryslân. Sa is bygelyks te sjen hoe't in plak der begjin 17de ieu útseach.

It Jouster bedriuw DeeEnAa hat it idee betocht en hat de webside mei help fan Tresoar makke. DeeEnAa hopet it systeem letter ek út te wreidzjen oan oare provinsjale biblioteken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)