Fandalen yn Drachten oanhâlden

21 sep 2013 - 10:35

Twa Drachtsters fan 18 en 19 jier binne freedtenacht yn har wenplak oppakt foar fernielerij. Foarbygongers hiene sjoen dat de twa de ruten fan in bushokje oan de Oprijlaan fernielden. Ek smieten se fytsen yn it wetter. De tsjûgen bellen de plysje, dy koe de beide fertochten eefkes letter oanhâlde. Se binne fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Drachten plysje fernielerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)