Alle treinen ride wer

Ien fan de lytsere spoartrajekten yn Fryslân
De treinen fan NS en Arriva fan en nei Ljouwert ride om healwei alven wer. Earder op de sneontemoarn binne reizgers tusken Ljouwert en Mantgum mei bussen ferfierd. De steuring ûntstie sneintemoarn betiid. NS en Arriva skeakelen fuort bussen yn om de reizgers te ferfieren. Freedtejûn wie der ek al gjin treinferkear mooglik yn ferbân mei in stroomsteuring. Oer de oarsaak is noch neat bekend.