Soad folk op 'Smûk en smikkel'

De Fryske ambassade giet freedtejûn om seis oere wer ticht. Freed stie de Fryske keuken sintraal op de merk 'Smûk en smikkel'. De Hagenezen koene dêr yn de kunde komme nmei de typysk Fryske produkten as oranjekoeke, Fryske tsizen, droege woarst en bearenburch.
En krekt as alle dagen waard der foarôfgeand oan de iepening in konsul ynstallearre. Freed wie dat Marc van Gulick fan Lauswolt yn Beetstersweach. Jannewietske de Vries wie op de slotdei ambassadeur fan tsjinst.