PvdA: JSF-beslút útstelle

Der moat mear ûndersyk dien wurde nei de JFS en dêrom moat it kabinet de oankeap fan 37 fan sokke gefjochtsfleantugen útstelle. Fryske PvdA-ôfdielingen tsjinje sneon mei stipe fan in soad oare ôfdielingen in moasje mei dy strekking yn op de lederied fan de PvdA yn Swolle. De PvdA-ôfdielings binne bot kritysk oer de JSF.
Se wize derop dat de ferfanger fan de F16 hieltiten djoerder wurdt, dat der noch in soad technyske problemen binne en dat er folle mear leven makket as de F16.
De PvdA-fraksje yn de Twadde Keamer soe dêrom net akkoart gean moatte mei de oanskaf fan de JSF, fine de ôfdielings. De PvdA-fraksje hat freed op in ekstra gearkomste wiidweidich oer de JSF praat, mar is noch net mei in stânpunt nei bûten kommen.