Doeksen en bûnen prate fierder

20 sep 2013 - 15:54

De fakbûnen FNV en CNV hawwe freed mei rederij Doeksen in petear hân oer it skeel oer de wurktiden. Troch de konkurrinsje mei rederij EVT past Doeksen syn tsjinstregeling yn de winterperioade oan. De meiwurkers witte no net mear wannear't en hoelang't oft se wurkje moatte. De bûnen stelden Doeksen earder dizze wike in ultimatum dat tongersdeitenacht om tolve oere ôfrûn.

De rederij en de bûnen hawwe freed yn petear west. Oer de útkomst wolle se neat kwyt. Nije wike tiisdei wurdt fierder praat oer in oplossing foar it konflikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)