Service fusygemeente minder

Ien op de fjouwer ynwenners fynt dat de kwaliteit fan de gemeentlike tsjinsten yn Súdwest-Fryslân minder wurden is troch de weryndieling. Dat seit de steatefraksje fan Friese Koers, nei oanlieding fan in tillefoanyske enkête.
Ut dy enkête docht fierder bliken dat de tillefoanyske berikberens fan de gemeente net optimaal is en dat twa op de trije ynwenners fynt dat Súdwest-Fryslân net noch grutter wurde mei. Friese Koers is skrokken fan de resultaten. Foar de enkête hat de partij yn in heal jier tiid hast 800 bewenners ûnderfrege.
De resultaten binne oerlange oan boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân. Dy sil de enkête trochspylje oan de gemeenteried. Boargemaster Hayo Apotheker is sels wiis mei de útkomsten fan de enkête. Neffens Apotheker jouwe de resultaten oan dat de gemeente op de goeie wei is. Sa is 60 persint fan de befrege ynwenners tefreden oer de tsjinstferliening fan de gemeente. Ek de wize werop de gemeente de boargers benaderd soe neffens Apotheker bot wurdearre wurde.