21 auto's yn beslach yn Snits

20 sep 2013 - 10:21

By in ferkearskontrôle op de rûnwei fan Snits binne tongersdei 21 auto's yn beslach naam. De eigners fan de auto's hiene hege ferkearsboetes of skulden by de belestingtsjinst. De kontrôle waard útfiert troch de plysje en de belestingtsjinst. Mei-inoar waarden mei helpe fan nûmerplaat-herkenning 7400 auto's kontrolearre.

Fyftich auto's waarden troch motorplysjes fan de dyk helle en meinaam nei it plysjeburo fan Snits. De measten moasten mei foar iepensteande boetes, mar ek wiene der trije auto dy't ûnterjochte in grien kenteken hiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)