Ambassade goed foar Fryslân

De Fryske ambassade yn Den Haach hat goed west foar Fryslân. Dat seit Kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Hy kin it effekt net yn sifers útdrukke, mar seit dat dúdlik is dat der oeral yn Den Haach praat wurdt oer it Fryske initsjatyf.
Yn de ambassade wiene dizze wike tal fan presentaasjes. Sa stie tongersdei de súvelyndustrie sintraal en wie der in presintaasje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd. Bedriuwen koene har dêr presentearje en netwurkje mei politisi en topamtners fan ferskate ministearjes. Freed is de lêste dei.