Muzykpriis foar Nico Silvius

Waterstad FM © Omrop Fryslân
Direkteur Nico Silvius fan Freez, RadioNL en WaterstadFM, hat in Buma NL Award wûn. Dat is in priis foar minsken en organisaasjes dy't har ynsette foar de Nederlânsktalige muzyk. Neffens Buma is de bijdrage fan Silvius oan de Hollânske muzyk op radio en televyzje fan hiel grutte wearde. Sa is hij it brein achter de saneamde regio-plug, dêr't platemaatskippije en regionale radiostasjons elkoar treffe om muzyk út te wikseljen.