Besunigings op grienûnderhâld

26 jan 2012 - 16:36

Caparis en AB Fryslân krije mooglik minder wurk yn Eaststellingwerf. De gemeente wol 250.000 euro besparje op it ûnderhâld fan it iepenbier grien. Ferline jier is al in ton minder útjûn en dit jier moat it oare part op it kleed komme.

It betsjut dat de gemeente bygelyks minder oeren besteegje sil oan it meanen fan gers, it skoffeljen fan perkjes en it kontrolearjen op it gefaar fan fallende tûken yn de bosken.

Omdat Eaststellingwerf net besunigje wol op de eigen amtners by de grienôfdieling, sil it gefolgen hawwe foar de twa bedriuwen dy't ynhierd wurde. Hoe't dat krekt útfalt wurdt noch besjoen.

Trefwurden: 
Caparis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)