Jansma net by tarieding Sotsji

Sybren Jansma © ANP
Sybren Jansma fan De Pein wurdt net de remmer by de twamansbob fan Edwin van Calker yn de tarieding op de Olympyske Spelen fan Sotsji. Syn plak wurdt ynnommen troch Bror van der Zijde. By de triuwtesten waard dúdlik dat Van Calker mei Van der Zijde bettere kânsen hat op in hege klassearring. Jansma wurdt no earste reserve en sil wol meidwaan as remmer by it bobteam fan Ivo de Bruin.
Woansdei rûn Jansma in blessuere op oan it kût. De kommende dagen moat bliken dwaan hoe slim as de blessuere is.