Renovaasje âldste hûs Snits

19 sep 2013 - 14:07

It âldste hûs fan Snits wurdt yngreven restaurearre. It hûs út 1585 stiet oan de Suupmarkt yn it sintrum fan de stêd en hat in rike histoarje. It is boud as wenhûs, mei as bekendste bewenners de susters Masselink, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn it ferset sieten. It pand hat ek tsjinst dien as bakkerij en winkeltsje. De lêste jierren wie it yn gebrûk as bernekadowinkel. Stifting Oud Sneek lit it pand renovearje, wat likernôch in heal jier duorje sil. Dêrnei is de ûnderste ferdjipping te hier as winkel. Dêr boppe komt in wenning.

Trefwurden: 
Snits Suupmarkt Oud Sneek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)