Frou (47) berôve fan har tas

19 sep 2013 - 13:02
Foto: Omrop Fryslân

De plysje docht ûndersyk nei de berôving fan in 47-jierrige fytsster út Burgum. De frou fytste tongersdeitemoarn oer de Tuskendiken yn har wenplak. Fan de oare kant kaam in skooter mei twa jonge manlju derop. De byrider pakte de tas fan de frou ôf. Dêryn sieten ûnder oare har beurs en in tillefoan.

Trefwurden: 
Burgum berôving
(Advertinsje)
(Advertinsje)