Roemenen fêst nei ynbraak

Oanhâlding troch plysje © ANP XTRA
De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa Roemenen fan 24 en 25 jier oanhâlden yn Ljouwert fanwege stellerij. In tsjûge hie sjoen dat de manlju ynbrutsen yn in auto oan de Ruysdaelstrjitte yn Ljouwert. De plysje koe de fertochten yn de buert oanhâlde. Se binne nei it plysjeburo brocht en sitte noch fêst, om't de plysje de saak noch fierder ûndersykje wol.