Enerzjysintrale by Ofslútdyk

Ofslútdyk © Omrop Fryslân
Op 11 oktober wurdt op de Ofslútdyk de earste peal slein foar de nije enerzjysintrale. Dy kin elektrisiteit helje út swiet en sâlt wetter. Op it stuit wurdt der op de Ofslútdyk by Breesândyk al hurd wurke oan it gebou. Dat moat ein dit jier klear wêze. Begjin takom jier moatte de earste masines dan proefdraaie.
At it slagget dan soe der by de Ofslútdyk genôch enerzjy wûn wurde kinne foar hast alle húshâldens yn Noard Nederlân.