Friese Pers Boekerij ferkocht

NDC Mediagroep hat de Friese Pers Boekerij en útjouwerij Noordboek ferkocht oan Krijgsman Public Warehousing yn it Gelderlânske Tiel. De nije eigener wie al ferantwurdlik foar de distribúsje fan de partikuliere bestellings en de webshops fan beide útjouwerijen. Neffens Arie Krijgsman, mei-eigener fan Krijgsman, bliuwt de Friese Pers Boekerij yn Ljouwert.
Oant en mei 1 desimber kin de útjouwer yn it gebou fan de NDC bliuwe, mar Krijgsman seit al drok om te sjen nei in oar kantoar yn Ljouwert.
Fan de trije meiwurkers fan de Friese Pers Boekerij en útjouwerij Noordboek kinne twa oer nei Krijgsman, de tredde bliuwt foarearst by de NDC.