Antal van der Duim troch

18 sep 2013 - 16:28

Tennisser Antal van der Duim út Finkegea is as iennige Nederlanner yn de twadde ronde kommen yn it toernoai yn Slowakije. De 26-jierrige tennisser stie mei 6-0 3-0 foar yn de earste partij doe't syn Tsjechyske tsjinstanner Martin Prikryl opjoech. Yn de twadde ronde moat Van der Duim it opnimme tsjin de Tsjech Jan Hajek.

Trefwurden: 
tennis Antal van der Duim
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)