'Matchfixing net by Cambuur'

18 sep 2013 - 16:22

Direkteur Gerald van der Belt fan Cambuur neamt it berjocht fan Voetbal International dat der sprake wêze soe fan omkeaping by in wedstriid fan Cambuur ûnsin. Neffens it blêd VI giet it om de wedstriid Fortuna Sittard - Cambuur út 2009. Cambuur wûn dy mei 2-1. De wedstriid soe ien fan de fjouwer wêze dy't ynternasjonaal ûndersocht is. Neffens Van der Belt is der gjin inkel bewiis dat der wat mis is mei dy wedstriid. Ek fuotbalbûn KNVB seit dat der gjin oanwizings binne dy't wize op omkeaping of oare rare saken.

Wol soe de wedstriid troch justysje en it Europeeske fuotbalbûn ûndersocht wêze. Ek dy koene neat fine.

Trefwurden: 
SC Cambuur matchfixing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)