Ryk wol jild út NOM-reserves

It ryk wol miljoenen út de finansjele reserves fan de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij, de NOM, helje. It jild sil brûkt wurde om in nije ûntwikkelingsmaatskappij yn it suden fan it lân op te setten. De plannen steane yn de ryksbegrutting dy't tiisdei presintearre is. Neffens deputearre Konst wurdt al langer troch de noardlike provinsjes en it ryk praat oer de reserves fan de NOM.
De trije noardlike provinsjes binne fan betinken dat it jild yn it Noarden bliuwe moat, omdat it hjir ek fertsjinne is.
Plakgferfangend direkteur Geert Buiter fan de NOM hat der begryp foar dat it ryk as oandielhâlder dividend út de reserves helje wol. Neffens him stiet lykwols noch net fêst om hoefolle jild oft it krekt gean sil. Wol hie hy ek leaver sjoen dat it jild yn it Noarden ynvestearre wurde soe.