Home Center wreidet flink út

18 sep 2013 - 11:52

Meubelbûlevaar Home Center yn Wolvegea wurdt mei 25.000 fjouwerkante meter útwreide. Tal fan meubelsaken slute de doarren, mar dit bedriuw groeit troch. Der wurdt al drok wurke oan de útwreiding. Yn oktober is de winkel dan 75.000 kante meter grut. De plannen binne woansdeitemoarn bekend makke. Nei de útwreiding is it ien fan de grutste wenbûlevaars fan Nederlân. Neist meubels foar huzen is ek alles foar de tún te keap yn it nije túnsintrum. De krêft sit yn it oanbod dat mear en oars is en in grutter fersoargingsgebiet.

Kapenga is no 18 jier eigener fan Home Center. Yn 1934 begûn it as Bildts meubelhuis en der sitte al twa generaasjes yn it famyljebedriuw.

Trefwurden: 
Wolvegea Home Center
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)