Aksje tsjin beslút fleanbasis

Fryslân moat op de barrikaden, oars komt it op de kop ferkeard mei de banen fan de fleanbasis Ljouwert. Dat seit it Fryske CDA Twadde Keamerlid Sander de Rouwe. It regear is fan doel om fan Ljouwert in dependânse fan Volkel te meitsjen en dat betsjut dat der hûnderten banen nei it suden fan it lân ferdwine.
De Rouwe wol dat alle Fryske Twadde Keamerleden, it bedriuwslibben, de gemeenten, de noardlike provinsjes, mar eins elkenien de skouders der ûnder set om Den Haach op oare gedachten te bringen.
Ek yn it doarp Marsum njonken de fleanbasis binne se skrokken fan it driigjende baneferlies.