Neier ûndersyk pur-klachten

Tsien bewenners fan de Kruidenbuurt op It Hearrenfean moatte har ûndersykje litte troch in spesjalisearre longarts om fêst te stellen oft har sûnensklachten feroarsake wurde troch purskûm. Nei ûndersyk kin de GGD net útslute oft de klachten troch de isolaasje kome. It ûndersyk is yn opdracht fan wenningbouferiening WoonFriesland dien nei klachten fan bewenners fan 29 wenningen. By 37 fan de 47 bewenners is konkludearre dat de klachten net komme troch stoffen dy't frijkomme by it isolearjen mei pur.
Der binne gjin oanwizings dat it oanbringen fan de pur net goed gien is. De bewenners hawwe lêst fan pineholle, dûzelichheid en yrritearre luchtwegen.