Crone: Untslaggen Fleanbasis

17 sep 2013 - 12:33

By de Fleanbasis Ljouwert ferdwynt in grut tal arbeidsplakken troch nije besunigings. It is noch net dúdlik om hoefolle twongen ûntslaggen oft it krekt giet. Neffens boargemaster Crone fan Ljouwert giet it om in substânsjeel tal. Kommissaris fan de kening Jorritsma seit dat de Fleanbasis yn it hert troffen wurdt.

Ferskate taken fan de Ljouwerter fleanbasis wurde ferpleatst nei de basis yn Volkel. De Keninklike Luchtmacht moat seis of sân F-16's ynleverje. De fleanbasis yn Ljouwert giet net ticht, sa sei boargemaster Crone by Omrop Fryslân.

It personiel is fan de Fleanbasis Ljouwert is tiisdeitemoarn op de hichte brocht.

Trefwurden: 
fleanbasis Ferd Crone
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)