Fryslân grut yn krante Metro

De Fryske Metro © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Om de Haachske edysje fan de fergese moarnkrante Metro sit tiisdei in opfallende advertorial fan de 'Fryske Ambassade'. It liket krekt as is de 'Fryske Ambassade' it wichtichste nijs. De krante is rûnom te krijen en hy is tiisdeitemoarn ek troch modellen yn pompeblêdjurkjen útdield op it Sintraal Stasjon yn Den Haag.
It doel fan de aksje is Fryslânpromoasje, mar ek it útnoegjen fan it publyk foar de iepenbiere Smûk en Smikkeldei op de 'ambassade', oankommende freed.