Ferwûne by Easterwâlde

© Remon Koene
In 65-jierrige automobilist út de Grinslanner gemeente Mearum is moandeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de Drie Tolhekken by Easterwâlde. De bestjoerder kaam út de rjochting Makkingea en woe de krusing mei de N381 opride. Hy waard fansiden oanriden troch in 42-jierrige automobilist út Diever.
It slachtoffer kaam fêst te sitten yn 'e auto. De brânwacht hat him derút helle. De man is mei ferskate ferwûnings nei it sikehûs brocht. De man út Diever mankearde neat.