Grêftsmiter langer fêst

De Foarstreek yn Ljouwert © Omrop Fryslân: Dirk Jan Haarsma
In 20-jierrige Ljouwerter bliuwt foarearst noch fêstsitten as fertochte fan de mishanneling op nijjiersnacht op de Foarstreek yn Ljouwert. Fan de fiif fertochten binne twa frij litten. Se bliuwe wol fertochte.
In 39-jierrige man út Assen en in 20-jierrige Ljouwerter hiene ferline wike al heard dat se noch 30 dagen fêst sitten bliuwe moatte. Se wurde beskuldige fan besykjen ta deaslach.
De fiif smieten trije foarbygongers sûnder oanlieding yn de grêft. Dêrnei hawwe se har mei bakstiennen en in fyts bekûgele. Ien fan har sprong yn it wetter om de slachtoffers ûnder wetter te triuwen.