Ultimatum foar Doeksen

Fakbûn FNV hat út namme fan de wurknimmers fan Doeksen in ultimatum steld oan de rederij. De wurknimmers wolle mear sizzenskip hawwe oer de wurktiden en oanpassings yn de tsjinstregeling. Neffens FNV wurde de minsken as jojo's ynsetten. Yn it ultimatum easket it fakbûn dat de wurknimmers wissichheid hâlde oer ynsetberheid, beleanning en ynset fan opropkrêften.
Doeksen hat oant tongersdei 19 septimber tolve oere nachts de tiid om te reagearjen. Bart dat net, dan folgje aksjes.