Ferlies foar Jong Hearrenfean

16 sep 2013 - 22:21

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn op eigen fjild mei 3-1 ferlern fan Jong Heracles. By it skoft wie it 1-1 troch goals fan Dorda (Heracles) en Samir Fazli foar de Feansters. Yn de twadde helte wie Jong Hearrenfean sterker, mar mei twa counters binnen fiif minuten makke Nafratil nammens Heracles de 1-2 en de 1-3.

It wie de earste ferliespartij foar Jong Hearrenfean.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)