Wurk oan A32 by Wurdum

16 sep 2013 - 21:54

Rykswettersteat begjint takom wykein mei it pleatsen fan in daamwand en in tunneldak ûnder de A32 by Wurdum. De wurksumheden hawwe te krijen mei de oanlis fan in fytstunnel tusken Wurdum en Wytgaard. It wurk nimt twa kear in wykein yn beslach.

Omwenners kinne oerlêst hawwe fan trillings of lûd. Salang't it wurk duorret, binne ek riidstroken op de sneldyk ôfset. It ferkear kin dan yn beide rjochtings mar oer ien baan ride.

Trefwurden: 
A32 Wurdum wurksumheden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)