ANBO hat krityk op besunigings

16 sep 2013 - 16:52

Der moat nei draachkrêft besunige wurde op it ynkommen fan âlderein. Dan seit Jan van Olfen, ôfdielingsfoarsitter fan de Algemene Nederlandse Bond voor Ouderen(ANBO) yn Ljouwert. Ut útlekte besunigingsplannen fan it kabinet docht bliken dat benammen minsken mei in pensioen der bot op achterút gean.

Neffens Van Olfen kin in part fan de âlderein bêst wat misse, mar lang net elkenien. Foaral minsken mei allinnich AOW ofmei in lyts oanfoljend pensioen kinne neat ynleverje. Sy wurde faak ek noch troffen troch oare besunigings.

Trefwurden: 
besunigings ANBO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)