Nij topstik foar Princessehof

16 sep 2013 - 15:12

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hat in bysûndere blommehâlder út de 17e ieu oanskaft. Fan dit Delftse ierdewurk-model binne gjin oare eksimplaren bekend. De oanwinst is moandei presintearre oan de Ottema-Kingma Stifting en de Feriening Rembrandt, dy't de oankeap finansjeel stipe hawwe. De blommehâlder datearret út de perioade 1685-1690. De faas wie al earder te sjen yn it museum, mar is no offisjeel eigendom fan Princessehof.

Trefwurden: 
Princessehof blommehâlder
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)