Soad biogas Omrin út ôffal

26 jan 2012 - 11:13

Ôffalferwurkingsbedriuw Omrin hat mei-inoar 100 miljoen kúb biogas út restôffal helle. Tongersdei wie it dêrom feest op Ekopark De Wierde yn Aldehaske. Op ien fan de grutte silo's op it park wie in grut doek te sjen mei dêrop de mannichte biogas dat de ôfrûne tsien jier produsearre is.

Omrin wol yn 'e takomst it biogas ferwurkje ta grien gas, om't dêr mear enerzjy ynsit. It bedriuw is yntusken dwaande om dêr fergunnings foar te krijen.

Trefwurden: 
Omrin biogas De Wierde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)