10.000 besikers Frysk Museum

16 sep 2013 - 14:15

It nije Frysk Museum yn Ljouwert hat ôfrûne wykein in rekôrtal besikers lutsen. Hast tsientûzen minsken hawwe it museum oan it Saailân yn Ljouwert besocht. Nei de offisjele iepening troch keninginne Máxima wie it museum freed oant acht oere jûns fergees tagonklik. Goed achttûzen minsken makken gebrûk fan de mooglikheid. Sneon en snein krige it museum nochris 1700 besikers oer de flier.

Direkteur Saskia Bak is bliid mei de grutte belangstelling foar it museum dat op jierbasis 100.000 besikers lûke wol.

Trefwurden: 
Fries Museum Saskia Bak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)