Enkête SWF oer eigen gemeente

16 sep 2013 - 14:03

In protte ynwenners fan de gemeente Súdwest-Fryslân binne de ôfrûne tiid konfrontearre mei de fraach oft sy meidwaan wolle oan in enkête fan de gemeente. Op it gemeentehûs yn Snits wolle sy graach witte hoe't se it dogge by de boargers. Seistûzen ynwenners en 1100 bedriuwen en ferienings is frege om mei te dwaan.

De uteinlike reden foar de enkête is dat Twadde Keamerleden witte wolle hoe grut oft de ôfstân is tusken boargers en de gemeente no't Súdwest-Fryslân in grutte plattelânsgemeente wurden is nei in fúzje.

Trefwurden: 
Súdwest-Fryslân enkête
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)