Drugs yn beslach naam

26 jan 2012 - 10:20
Foto: ANP XTRA

Nei in anonime tip hat de plysje woansdeitemiddei it hûs fan in 24-jierrige man út Appelskea trochsocht op syk nei harddrugs. Der waard 38 gram speed fûn, ek hie er trije xtc-pillen yn de bûse.

De man seit dat de drugs foar eigen gebrûk wiene. De drugs binne yn beslach naam. De man is foar neier ûndersyk fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
drugs
(Advertinsje)
(Advertinsje)