Friesland Bank duorsumer

26 jan 2012 - 09:56

De Friesland Bank is ien fan de fjouwer banken dy't it ôfrûne jier in soad dien hat om de ynvestearrings duorsumer yn te setten. Dat docht bliken út de Eerlijke Bankwijzer, in oersjoch fan Oxfam Novib, FNV, Amnesty International, Milieudefensie, IKV Pax Christi en de Dierenbescherming. Der is sjoen nei de bonuskultuer en nei de ynvestearrings yn lânbou en fiskerij.

Banken moatte de klanten better ynsjoch jaan wêr't it jild dat by de bank brocht wurdt, yn ynvestearre wurdt, fine de opstellers.

It ûndersyk wurdt sûnt trije jier dien. ABN Amro, Aegon en Delta Lloyd hawwe it ôfrûne jier net in soad ferbettere op duorsumensmêd, wylst dy trije ynstellings al leech skoare op sosjale en miljeu-ûnderwerpen.

Trefwurden: 
Friesland Bank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)