Friezen nimme sparjild op

26 jan 2012 - 07:09

Hieltyd mear Nederlânners brûke harren sparjild om rûn komme te kinnen. Dat docht bliken út in ûndersyk dat troch de Friesland Bank holden is. Dat betsjut dat mear as 50% fan de Nederlânners der net mear yn slagget om jild achterút te lizzen. Fierder docht bliken dat folle mear Friezen har sparjild oansprekke moatte as de oare Nederlânners. Neffens kommersjeel direkteur Klaas Feenstra fan de Friesland Bank jout dit noch gjin problemen by de banken, mar wurdt de situaasje soarchlik as aanst folle mear minsken harren sparjild oansprekke.

It jild wurdt brûkt foar de húshâlding en om saken te keapjen dy't oars fan it lean betelle wurde koenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)