Biskop besiket voedselbank

25 jan 2012 - 22:18

Biskop De Korte fan it bisdom Grinslân-Ljouwert komt op besite by de voedselbank yn Ljouwert. Op 1 febrewaris sil hy útlis krije oer hoe't der oan de earmoedebestriding yn Ljouwert wurke wurdt. Ek krijt er in rûnlieding en litte frijwilligers sjen wat foar wurk se dogge.

It kontakt mei de biskop is yn 2010 ûnstien. It bisdom hat doe jild jûn oan de voedselbank.

Mei help fan dy bydrage koe in bestelwein mei laadklep kocht wurde. Dy wurdt brûkt om guod foar de voedselbank op te heljen. Der is doe frege oft de biskop sels in kear komme woe. Dy ôfspraak komt er no nei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)