Kânsen troch nij krimpbelied

PvdA
It kolleezje fan deputearre steaten moat fuortendaliks oan de slach om te profitearjen fan de nije regels fan it ryk foar krimpregio's. Dat fynt de steatefraksje fan de PvdA yn Fryslân. De Twadde Keamer wol dat it ryk him yn krimpregio's kûlant opstelt as it giet om fúzjes fan skoallen en de posysje fan soarchynstellings en wenningkorporaasjes.
Yn de Twadde Keamer komt de krimpregio Noardeast-Fryslân yn gjin inkele moasje foar. De PvdA fynt dat der júst foar dy regio no kânsen komme.
De steatefraksje fan de PvdA wol fan it kolleezje yn Fryslân witte wat der dien wurdt om derfoar te soargjen dat Noardeast-Fryslân oandachtsgebiet bliuwt fan it ryk.