Alfahelpen krije jild werom

25 jan 2012 - 20:33

Tûzenen alfahelpen kinne lean opeaskje dat se tusken 2007 en 2010 net krigen ha omdat se siik wiene. De stichting Alphatrots út Raerd hat mei in pear oare organisaasjes in proefproses dien.

De stifting set him yn foar de belangen fan alfahelpen. Der kamen sinjalen dat meiwurkers by siikmelding net útbetelle krigen. Wetlik mei dat net. De rjochter hat dat no befêstige.

Alphatrots sil no minsken bystean dy't jild weromfoarderje wolle. Ek sil de stifting besykje om ynstânsjes safier te krijen dat se sels aksje ûndernimme. Boppedat wol de stifting dat de polityk kontrolearret oft ynstânsjes har no wol oan de ôfspraken hâlde.

Trefwurden: 
siik alfahelp alphatrots
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)