Lobby Kramer foar 4 treinen

NS-trein © Omrop Fryslân
De provinsje freget help fan de Twadde Keamer om úteinlik fjouwer treinen yn de oere tusken Ljouwert en Swolle te krijen. Deputearre Johannes Kramer sil dêrfoar tongersdei yn Den Haach ynsprekke by de fêste keamerkommisje fan de Twadde Keamer.
Ferantwurdlik minister Schulz van Heagen hat yn it programma fan easken oan de Nederlandse Spoorwegen, de NS, net opnommen dat de hjoeddeiske intercitys deselde reistiid hâlde moatte.
Ut foarstellen fan de NS docht no bliken dat fan 2015 ôf de intercity tusken It Hearrenfean en Swolle op elts stasjon stilstean sil. De reistiid wurdt dêrtroch langer en dat wie net de bedoeling.