Akkoart mei ryk oer kanaal

Van Harinxmakanaal © Google streetview
It behear en ûnderhâld fan it Van Harinxmakanaal geane fan it ryk oer nei de provinsje. Dat ha de steaten besletten. Yn desimber wegeren dy noch akkoart te gean mei it foarstel, om't se benammen de finansjele ûnderbouwing net goed fûnen. Troch in bettere útlis fan de ferantwurdlik deputearre en in bettere akkountantsferklearring kinne de steaten har der no wol yn fine. It ryk is no yn ruil ferantwurdlik wurden foar it Prinses Margrietkanaal.