Sionsberg: 24 oeren deis iepen

25 jan 2012 - 15:27

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum bliuwt yn de takomst 24 oeren deis iepen, mar wol yn ôfslanke foarm. Dat is de útkomst fan oerlis fan De Sionsberg, de ynspeksje foar de sûnenssoarch en soarchfersekerder De Friesland. De ynspeksje is akkoart gien mei de fierdere útfiering fan de plannen. Dat wie nedich foar it sikehûs om't it yn de hjoeddeistige foarm net mear fierder koe.

Pasjinten kinne de hiele dei terjochte yn it sikehûs, mar moatte foar behanneling mooglik nei oare sikehûzen. Hoe't de bertesoarch krekt ynrjochte wurdt, is noch net dúdlik. In wurkgroep sil foar 1 maaie mei in foarstel komme foar gearwurking tusken ferloskundigen en gynekologen. De herfoarminsgsplannen ha gefolgen foar it personiel fan De Sionsberg. Mar hoe't it der krekt út komt te sjen, is noch net bekend. Teake Visser fan de aksjegroep Red de Sionsberg fynt dat der noch in soad fragen binne.

Trefwurden: 
De Friesland De Sionsberg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)