Sinnige út Oostst. Belang

25 jan 2012 - 12:36

Riedslid Erwin Sinnige fan de fraksje Ooststellingwerfs Belang is opstapt. Oanlieding is in moasje fan syn fraksje oer it legalisearjen fan yllegale bouwurken. Sinnige hat dêr oer meistimd, mar hat sels ek sa'n bouwurk op syn hiem. Hy hie dêrom net meistimme mocht. Hy stelt syn sit beskikber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)