Griene Wike foar skoalbern

25 jan 2012 - 11:55

Mei in Griene Wike moatte skoalbern leare oer lânbou. It idee komt fan Jan Zeinstra fan Ljouwert en Robert Berting fan it WTC-Expo. It moat nei foarbyld wêze fan de Griene Woche yn Dútslân en de eardere Frisiana. Takom jier oktober moat it foaral edukative evenemint in feit wêze. Doel is om de ôfstân tusken de lânbou en de konsumint lytser te meitsjen. De bern krije nije technologyen te sjen dêr't boeren no mei wurkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)