Frou wint heal miljoen
In frou út Ljouwert hat heal jannewaris 500.000 euro wûn yn de Lotto Jackpot. Mei elkoar wûnen 15 dielnimmers 8,5 miljoen euro. De Ljouwerter hie 5 getallen en de kleur goed. Se docht al 35 jier mei oan de Lotto. Se is hiel bliid mei de priis en wol mei it jild in nije keuken keapje en it steanjild fan har karavan betelje.