SP-steatelid De Vries stapt op

Maria de Vries
SP-steatelid Maria de Vries fan Ljouwert stapt op. Se hat snein har ûntslach yntsjinne. Har sit jout se werom oan de partij. De Vries seit dat yn de fraksje in ûnwurkbere sitewaasje ûntstien is. Dat kaam benammen om't fraksjefoarsitter Jos van der Horst twifele oer har loyaliteit. Boppedat fielde De Vries dat se net de frijheid hie om sels te kiezen bûten de partijline om. It slagge har dêrom net om goed ynfolling te jaan oan har steatelidmaatskip. De sit wurdt ynnommen troch Fennah Feenstra. Sy sit no yn de skaadfraksje fan de partij.
De SP-steatefraksje betreuret it beslút fan Maria de Vries om op te stappen. Neffens fraksjefoarsitter Van der Horst wie de gearwurking goed. Hy bestriidt dat der spul wie. Van der Horst begrypt dan ek net wêr't de krityk weikomt.