Ljouwerter swaait mei mes

Plysje-embleem © ANP
In 34-jierrige Ljouwerter is sneintejûn yn syn wenplak oanhâlden, omdat er mei in mes op strjitte rûn. De plysje krige in melding oer fjochterij. In agint mei in plysjehûn helle de fjochtsjende partijen út-elkoar.
De fertochte hie it mes doe al weismiten. De plysje fûn it werom en naam it yn beslach. De Ljouwerter is oanhâlden. Hy kriget in proses-ferbaal foar ferbean wapenbesit.